Liet Ynternational in De Harmonie op zaterdag 31 oktober 2009

ZA.
31 OKT
LIET YNTERNATIONAL Grote Zaal, 20:00 uur De Harmonie, Leeuwarden
2009
Toegang 17,50

Concert heeft al plaatsgevonden

Let op! Dit concert vond plaats op zaterdag 31 oktober 2009.
Dat is 6062 dagen geleden.

Informatie over dit concert

FESTIVAL - Sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal liket hieltiid mear oan te slaan yn hiel Europa. Dit jier is Liet Ynternasjonaal aldergeloks wer werom yn Ljouwert, de stêd wêr it allegearre begûn yn 2002. It idee achter Liet Ynternasjonaal is simpel; meitsje in seleksje fan de moaiste nije ferskes yn Europeeske minderheidstalen en lit dy allegearre live útfiere op ien jûn. Alve ferskes yn likefolle talen; sjonge yn it Ingelsk is ferbean. Njonken dat iene ferske spylje alle dielnimmers ek noch in koarte set om it publyk sjen te litten wat se yn hûs hawwe. Sa't de stân fan saken no is binne yn alle gefallen Asturias (Spanje), Fryslân (de winner fan Liet 2009), Sámilân (Laplân), Italië en in pear fan de Keltyske minderheden wer fertsjintwurdige. Fierder is der waarme belangstelling fan minderheden út Ruslân en ek fan Corsica, it eilân fan Jacques Culioli, de winner fan Liet Ynternasjonaal 2008.

Meer concerten zoals deze